December 10, 2025
# Tags
#Blogs

Afscheid Erik Haitsma – 19 jaar SDS 1

Erik Haitsma fuotballe yn de jeugd by SDS oan’t sc Cambuur him ferliede ta in oergong nei de jeugd fan sc Cambuur.
Nei it seizoen 2005-2006 kaam hy wer by SDS fuotbaljen. Tagelyk mei Jaap Toering en Tsjalling Sikma.
SDS 1 hie der krekt in seizoen op sitten yn de 1e-Klasse en draaide yn de 2e Klasse boppe-yn mei. Yn it seizoen 2007-2008 pakte SDS sels noch in perioade. Marcel Frankena wie doe trainer by SDS 1.

Yn it seizoen 2012-2013 degradeare SDS fan de 2e Klasse nei de 3e-Klasse. Erik fertrok nei 2e Klasser Waterpoort Boys, mar kaam nei ien seizoen werom by SDS neidat hy dêr ek degradeare ûnder trainer Duco Mulder.

Erik kin weromsjen op in moaie fuotbalkariëre. Hy is no 38 jier en hat 39 doelpunten makke foar SDS 1. Hy makke 39 doelpunten tsjin mar leafst 30 ferskillende klups. Hy hat 19 jier yn it earste fan SDS balle.
Erik hat besletten om te stopjen by SDS 1 en sil fierder mei syn skilderskariëre.

Wy sizze Erik tank foar al dy moaie fuotbaljierren en hoopje him gau wer op of neist it fuotbalfjild te sjen. Moarn sit hy by de seleksje fan SDS 1 en nei de simmer komt der mooglik noch in passend ôfskie.

Leave a comment

Your email address will not be published. Required fields are marked *